12/10/2013
Deputaten Fryske Earetsjinsten is drok dwaande mei de revyzje fan ‘e liturgyske formulieren, nei’t de Hollânske teksten dy’t yn ‘e (frijmakke) grifformearde tsjerken brûkt wurde oanpast binne oan de taal fan de Nieuwe Bijbelvertaling. Alle Fryske formulieren op dit webstee folgje no de tekst fan 2011. Oan in oersetting fan it formulier foar it befêstigjen fan dûmny’s en it houliksformulier wurdt noch wurke. Sjoch hjir foar de nijste liturgyske teksten.
Op 12 oktober 2013 is útjefte fan de nije Fryske oersetting fan ‘e Heidelberger Kategismus presintearre op in feestlike middei yn ‘e Martinitsjerke yn Frentsjer. Lês de ferslagen yn it Friesch Dagblad en it Reformatorisch Dagblad. Omrop Fryslân hat dy middeis in fraachpeatear hâlden mei de foarsitter fan DFE, dat hjir te hearren is.
It boekje mei de Fryske Kategismus is útjûn troch útjouwerij Van Wijnen yn Frjentsjer en kin by boekhandel Riemer Wever Van Wijnen besteld wurde.
====
1 Yn it begjin lei de ierde derhinne (Lieteboek 162)
2 De floed sloech tsjin de boech
3 Abraham, Abraham (= Lieteboek 805 22)
4 Joazef siket om syn broers (Lieteboek 166b)
5 Lyts, lyts berntsje** (by Exodus 2)
6 Mei Mozes binn’ wy ûnderweis (Lieteboek 606)
7 De kening fan Egyptelân (Lieteboek 196)
8 Samar te gean mei in stok yn ‘e hân (Lieteboek 806)
9 Wês earlik, doch dyn neiste rjocht
14 De grutte minsken doarre net
18 Nei Jo giet al myn langstme út (Lieteboek 25c)
20 Alle ierdrykseinen oanskôgje it heil (Lieteboek 98d)
21 Myn God binn’ Jo, Jo wol ik tankje (Lieteboek 118a)
22 Jo wurd wol my omfiemje (Lieteboek 119a)
24 As God ús thúsbringt (LIeteboek 126a)
26 Alles wat sjonge kin, loovje de Hear (Lieteboek 150b)
27 De minsken dy’t gean yn it tsjuster (Lieteboek 454)
30 Ik bring in rjochter oan it ljocht (Lieteboek 459)
31 Dêr komt de man fan Anatot (Lieteboek 177)
32 Om’t God yn goedens mei ús wol
34 Al soe de figebeam net bloeie*
35 De wizen, de wizen (Lieteboek 520)
38 Set earst it sin op it Keninkryk fan God*
39 Asto fregest silst ek krije
40 Wolkom, wolkom, kening Jezus (Lieteboek 554)
41 Bûten de stêd giet Jezus de krúswei
42 De Kening stjoert syn tsjinners
43 Sa sill’ wy nei it feest ta gean**
44 Wiswier, de Heare is ferriisd
45 Lit de bern mar by My komme (Tuskentiden 67)
47 No sjong ik foar de Hear (Lieteboek 157a)
48 No loovje lûd dy wûndere God (Lieteboek 158a)
49 Gloarje oan God yn ‘e heechste himel
50 Eare oan God (by Lukas 2, 14)
51 O himelsk ljocht dat myn bestean beskynt
52 No bart wat is fersein (Lieteboek 159)
55 Sachéus wol in plakje ha (Lieteboek 186)
56 By de Jakobsput (Lieteboek 188)
64 Frede foar jim**
68 No knibbelje wy foar jo troan