Nys archyf

31/12/2018

Oanfolling nije LieteboekNije lieteboek

De Fryske ferzje fan it nije Lieteboek (beskikber sûnt 2015) wurdt in soad brûkt yn Fryske tsjerketsjinsten. Dat Lieteboek befette lykwols hast gjin lieten dy’t oarspronklik yn it Frysk skreaun binne. Fierders binne der njonken it Lieteboek noch in hiel soad oersettingen yn it Frysk beskikber fan lieten dy’t graach songen wurde. Krúspunt (moetingsplak foar it Frysk yn en om ’e tsjerke) en Deputaten Fryske& Earetsjinsten (fan ’e frijmakke grifformearde tsjerken yn Fryslân) hawwe de hannen gearslein om dizze oanfoljende bondel fan 168 lieten gear te stallen. De bondel hat in oekumenysk karakter.

Presentaazje nije bondel

De bondel sil op freed 29 maart presintearre wurde yn ‘de Fontein‘, De Kolken 89, yn Drachten. Der sil út de nije bondel songen wurde troch û.o. it Burgumer Manljuskoar en troch in kombo dat Opwekkingslieten en Psalmen foar No yn it Frysk sjonge sil. Mar fansels sille ek de oanwêzigen mei fjoer en faasje út de nije bondel sjonge kinne. Set dy datum dus yn de aginda en wês derby!

 

04/01/2016

Op 4 jannewaris 2016 is ús oprjochter, ing. Tjibbele Miedema ferstoarn.

Ds. Tjibbele Miedema

Lês hjir it In Memoriam dat ús foarsitter útsprutsen hat by syn begraffenis.

 

12/10/2013

DFE-logo

Deputaten Fryske Earetsjinsten is drok dwaande mei de revyzje fan ‘e liturgyske formulieren, nei’t de Hollânske teksten dy’t yn ‘e (frijmakke) grifformearde tsjerken brûkt wurde oanpast binne oan de taal fan de Nieuwe Bijbelvertaling. Alle Fryske formulieren op dit webstee folgje no de tekst fan 2011. Oan in oersetting fan it formulier foar it befêstigjen fan dûmny’s en it houliksformulier wurdt noch wurke. Sjoch hjir foar de nijste liturgyske teksten.  

Op 12 oktober 2013 is útjefte fan de nije Fryske oersetting fan ‘e Heidelberger Kategismus presintearre op in feestlike middei yn ‘e Martinitsjerke yn Frentsjer. Lês de ferslagen yn it Friesch Dagblad en it Reformatorisch Dagblad. Omrop Fryslân hat dy middeis in fraachpeatear hâlden mei de foarsitter fan DFE, dat hjir te hearren is.

It boekje mei de Fryske Kategismus is útjûn troch útjouwerij Van Wijnen yn Frjentsjer en kin by boekhandel Riemer Wever Van Wijnen besteld wurde.

Fryske Kategismus