Programma FR

Op sneontemiddei 12 oktober sil yn de Martinitsjerke fan Frjentsjer de presintaasje wêze fan de nije Fryske oersetting fan de Heidelberger Kategismus. Dit jier is it 450 jier lyn dat de kategismus ûntstien is. Reden foar it deputaatskip Fryske Earstsjinsten fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke om in nije oersetting it deiljocht sjen te litten. Utjouwer Van Wijnen fan  Frjentsjer makke der in kreas boekwurkje fan.Twa foaroansteande teologen prof. dr. Henk van den Belt (RUG Groningen) en prof. dr. Cees van der Kooi (VU Amsterdam) binne reewillich fûn en fersoargje in lêzing oer “450 jier Fraachlearen yn Fryslân”. Ek is der in stedskuier troch Frjentsjer útset en der is muzyk fan Grytsje Kingma.

De oersetting fan de kategismus is makke troch it deputaatskip Fryske Earstsjinsten (DFE). Begûn as wurkgroep yn 2005 krigen hja yn 2010 de offisjele status fan tsjerkelik deputaatskip. It foarnaamste doel wie it fasilitearjen en befoarderjen fan de Fryske taal yn ’e  earetsjinsten. Al ridlik gau die bliken dat in Fryske preek eins net genôch wie, der wie ek ferlet fan oersettings fan de formulieren en belidenissen dy’t brûkt wurde. Sa waarden earder al de ‘Nederlânske Geloofsbelidenis’ en it ‘Grut Tsjerkegebed’ oersetten en frij jûn om te brûken yn de tsjerken. Sa no ek de ”Kategismus of ûnderwiis yn ‘e kristlike lear”.

It deputaatskip is by de oersetting net oer ien nacht iis gongen. Neist it eigen wurk hat in ikerkommisje der oer gear west. Yn dy ikerkommisje sieten  prof. dr. Jochem Douma (TU Kampen, emeritus-heechlearaar etyk), prof. dr. Rolf Bremmer (Leiden Universiteit, bysûnder heechlearaar Aldfrysk), dr. Hans Burger (Frentsjer, TU Kampen), dû. Gerard Geerds (Ommen) en drs. J. Geersing, âld-boargemaster fan Ferwerderadiel.

By de oersetting is útgien fan ’e tekst fan it Gereformeerd Kerkboek, sa’t dat yn de frijmakke tsjerken brûkt wurd. Lykwols hoopje de deputaten dat hja ek oare tsjerken yn Fryslân der mei tsjinje kinne.  Learstjinsten yn it Frysk binne no better te hâlden: “In Kategismuspreek yn it Frysk soe fansels prachtich wêze.’’

Net allinne op it mêd fan de wichtichste teologyske geskriften yn it grifformearde tsjekeferbân bart der in soad.  It DFE  krige in eigen webstee, www.fryske-earetsjinsten.nl dêr’t neist de belidenissen en it tsjerkegebed ek in grut tal Fryske lieten te finen binne. Dizze lieten komme û.o. út it Gereformeerd Kerkboek en út de Evangelische Liedbundel. Op 12 oktober sille hjirfan ek lieten songen wurde.

Op sneintemiddei 13 oktober om 17.00 oere is der in Fryske tsjinst yn de Griffoarmearde  tsjerke (frijmakke)  te Frjentsjer mei de nije oersetting. Foargonger is du. David de Jong 

Meld jo hjir oan of skilje mei ds. J. Poutsma – 030-2288123 en dhr. S. Alkema – 0518 – 411378