Nijs

Nijs

Nijsberjochten fan ‘e Deputaten Fryske Earetsjinsten fine jo hjir.

Simmer 2020 – Dû. Jan Poutsma ferstoarn

Lêstendeis, op 22 july om presys te wêzen, is Jan Poutsma ferstoarn.
Wy, Deputaten Fryske Earetsjinsten, binne tige skrokken fan dat berjocht.  Wy binne yn ús tinzen en gebeden by Margreeth, by Marijse, Job, William en Lieven , by Jan syn skoansoan en skoandochters, en by syn pakkesizzers. Wy gunne harren de treast fan Liet 141 út Lieten fan Leauwe en langstme:

Jan Poutsma 2020

Wês stil myn siel as freonen hinnegean
en as dyn triennen rinne ͜ yn neare nacht.
Meist foar syn iiv’ge leafde iepenstean
as Hy dij treast jout op dyn bitt’re klacht.
Wês stil myn siel, dij wachtet grutter lean;
Hy is dyn Rêder, Hy hat alle macht.

Wês stil myn siel, de dei komt neieroan
dat wy foar ivich wenje by de Hear
en sûnder soargen stean yn kleare moarn;
dêr is gjin weet fan leed en lijen mear.
Wês stil myn siel, oant foar de gouden troan
wy ’t lofliet sjonge sûnder ein of kear.

Yn Memoriam Jan Poutsma (DFE-Foarsitter Dû. David de Jong)

Septimber 2019 -Rapportaazje fan é DFE

Lês de rapportaazje (pdf) fan ‘e DFE foar de classes Drachten en Ljouwert, 2018-2019.