Lieten

- Fryske earetsjinsten - - DFE - - Tsjerketsjinsten - - Preken - - Belidenisskriften - - Liturgy - - Lieten - - Nijs - - Ferwizings - - Kontakt -

Yn it foarjier fan 2019 kaam de bondel Lieten fan Leauwe en Langstme út, in koproduksje fan Krúspunt en DFE. De bondel is bedoeld as in oanfolling op it Lieteboek - sjonge en bidde thús en yn tsjerke. LLL befettet lieten dy't orizjineel yn it Frysk skreaun binne. Fierders is der in grut tal oersettings opnaam fan lieten dy't graach songen wurde, út bygelyks Gereformeerd Kerkboek, Evangelische Liedbundel, Joh. de Heer, Opwekking en Zangen van zoeken en zien. Mar ek is der in substansjeel tal nije lieten selektearre. Sjoch hjir foar de ynhâld fan de bondel. Kenne jo fan in liet allinnich de Hollânske ferzje, sjoch hjir dan oft it liet der ek yn stiet.


No't Lieten fan leauwe en langstme yn de winkel te keap is, kinne de lieten net mear op dit webstee oanbean wurde. Mar as jo sels in eksimplaar fan de bondel hawwe en de lietteksten foar in tsjerketsjinst projektearje wolle mei de beamer, dan kinne jo hjir freegje om de digitale ferzje fan in liet.

Mar der binne mear lieten yn it Frysk beskikber.

Evangelische liedbundel:

Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle lieten dy't al yn it Frysk oersetten binne. Teksten fan Atze Bosch en Grytsje Kingma kinne by Grytsje oanfrege wurde.

Gereformeerd Kerkboek-2017:

166 Gloarje oan God yn 'e heechste himel

185 Hear, wy loovje en oanbidde Jo

191 O himelsk ljocht dat myn bestean trochskynt

211 Jo, hillich Godslaam, loovje wy

Psalmen voor Nu:

22 As God wat docht

131 Haw gjin noed

Zangen van zoeken en zien:

621 Dy't nei minsklike gewoante






Cookies helpen ons onze services te leveren. Door onze services te gebruiken, geeft u aan akkoord te gaan met ons gebruik van cookies. OK