Fryske earetsjinsten

Yn ‘e namme fan de Heit en fan de Soan en fan de Hillige Geast’.

Yn it tsjerkje fan Lytsewierrum wurde foar it earst de hillige doop betsjinne yn it Frysk, troch dr. G.A. Wumkes.

Fryske Earetsjinsten: moat dat no? Ja, dat moat. Want wy binne der fan oertsjûge dat it wurd fan Heit je nea tichter op ‘e hûd komme kin as yn ‘e taal fan mem. Syn Geast sprekt alle talen, ek de taal fan ús hert.

Jawis, it Frysk hat ús hert. Wy krewearje lykwols net foar it Frysk op himsels. Der binne gâns organisaasjes dy’t op dat mêd goed wurk dogge. Wy hoege dat net noch ris justjes oer te dwaan. Mar wy sinjalearje al dat in protte Friezen noch ûnderskie meitsje tusken deistige en hillige taal. Ûnderinoar prate se Frysk, mar sagau’t se it Wurd nimme prate se Hollânsk. Mar Hollânsk is krekt samin in hillige taal as Hebrieusk, Latyn en Arabysk dat binne. Yn ‘e Reformaasje fan ‘e sechstsjinde ieuw is brutsen mei it ûnderskie tusken de taal fan snein en de taal fan moandei oant sneon. It is dêrom goed grifformeard as it evangeelje ek yn Fryslân klinkt yn ‘e folkstaal: de taal fan thús.

Wy hoopje mei it materiaal dat wy op dit stee oanbiede it brûken fan it Frysk yn ‘e earetsjinsten te befoarderjen: yn ‘e tsjerke én thús.


Fryske tsjerketsjinsten yn 2020 en 2021

As de Heare it wol, sille de neikommende Fryske tsjerketsjinsten hâlden wurde yn ‘e frijmakke grifformearde tsjerken:

15 novimber 2020    09.30    Droegeham    Dick Welfing
14 febrewaris 2021    14.00    Droegeham    Jelle Nutma
25 april 2021    09.30    Blije-Holwert    Douwe J. Steensma
9 maaije 2021    09.30    Snits (CGKV)    G. Huisman
5 septimber 2021    09.30    Fryske Peallen    Jelle Nutma
   14.00    Fryske Peallen    Jelle Nutma

Mear tsjinsten en informaasje fine jo op Tsjerketsjinsten

Dûmny Jan Poutsma ferstoarn

Lêstendeis, op 22 july om presys te wêzen, is Jan Poutsma ferstoarn. Wy, Deputaten Fryske Earetsjinsten, binne tige skrokken fan dat berjocht. Fanwegen de koroanakrisis hienen wy inoar al in skoft net moete. It sil oan ’e ein fan ferline jier west ha dat wy inoar foar it lêste sjoen ha. Doe wie Jan noch sa sûn as in fisk, foarsafier’t wy wisten. En no is er al wei. Wy kinne der net oer út.

Yn Memoriam Jan Poutsma (Dû. David de Jong)


Nederlands Nederlands