Belidenisskriften

Belidenisskriften

Wy binne as DFE drok dwaande mei it oersetten fan de 3 Formulieren fan Ienheid. De Nederlânske Geloofsbelidenis is op 25 maaie 2011 frijjûn troch de Partikulier Synode Fryslân fan ‘e frijmakke Grifformearde Tsjerken. It is de earste dat dit belidenisskrift yn it Frysk útbrocht is yn in tsjerklik fêststelde tekst. Mar suggestjes ta ferbettering binne noch altiten tige wolkom.

In jier letter, op 6 juny 2012, is ek in nije oersetting fan ‘e Heidelberger Kategismus frijjûn. Dêrmei is ek dit belidenisskrift, dat noch altiten in soad minsken leaf is, beskikber yn it Fryks fan hjoed-de-dei!

Underwilens is der ek in begjin makke mei de oersetting van de Learregels fan Dordrecht. Dat is in alderheislikst kerwei, mar wy verwachtsje dat in earste fersy dit jier klear wêze kin. It sil lykwols noch wol wat langer duorje foar’t dy tekst offisjeel frijjûn wurde kin.

Nederlânske Geloofsbelidenis

Heidelberger Kategismus

Learregels fan Dordrecht